vrijdag 17 juni 2011

sollisitaasjepetear (Wendy)

Twa freunen hawwe in sollisitaasjepetear by deselde wurkjouwer. Dêr oankommen is earst Jan oan de beurt, de wurkjouwer seit: “Ik stel dy 100 fragen, astto se allegear goed hast wurst aonnoam.”
“Oh dat is maklik” tinkt Jan en seit: “Oke, de earste fraag dan mar.”
Nei 99 fragen hat Jan der noch gjin 1 goed, dus de baas jouwt him noch 1 kâns en seit: “Ik stel dy no in hiel maklike fraag, ast dy goed hast wurdst oannoam. It kin ferskillende kleuren hawwe en dêr sitte fiters yn.”
Seit Jan: “Oh, dat wit ik, dat binne skuonen!”
De wurkjouwer seit: “Van herte lokwinske, do bist oannoam!”
Jan is hielendal bliid, giet nei Pyt ta en fertelt alle oan him: “En nei de lêste fraag sil it wol oer skuonen gean.”
Mei Pyt giet it it selde as by Jan, by de lêste fraag noch 1 kâns, as Pyt dy goed hat wurd hy oannoam. De wurkjouwer freaget: “It hangt oan de muorre en it tikket.”
Freaget Pyt: “Sitte dêr fiters yn?”
“Nee Pyt,” seit de wurkjouwer, “gjin fiters.”
“Oh wat maklik,” seit Pyt, “dat binne natuerlik sandalen...”
   

Geen opmerkingen:

Een reactie posten